Doetinchem
De earste ympuls foar de Doetinchem-pagina is der. Nicht Dieuwke fûn in foto fan in hûs mei de gewel-tekst "BERGZICHT". Oan de efterkant fan de kaart de tekst: "Sterfhuis van Ds. Sipke Huismans te Doetinchem"




Neef Sytse socht op Google Maps nei "Bergzicht" en kaam doe hjir terjochte:
Dit wie de Rabobank. It nije bankgebou stiet er neist. Dit gebou tsjinnet no as ûnderkommen foar maatskiplike organisaasjes. Ien fan die organisasjes is Buurtplein.
Buurtplein brûkt in syn adres it folgjende:

Ik ha kontakt mei har hân. Se fertelden dat dit yndie it plak wie fan de eardere villa Bergzicht.
Villa Bergzicht is yn 1913 oankocht troch de Grifformearde Tsjerke. Se wiene fan doel om yn de grutte tún in tsjerke te bouwen. Mar dêr is it nea fan kaam.

Doetinchem op 'e skiednisside fan de
Grifformearde Tsjerken yn Nederlân
Klik op dizze link om nei die side te gean:
https://gereformeerdekerken.info/2020/06/16/de-gereformeerde-kerk-te-doetinchem-2/

De grouwen en de finen

Pake wie in grut foarstanner fan gearwurking tusken de tsjerken.

Ommers syn freon G A Wumkes wie in Herfoarme dûmny.

Tegeare wurken se oan de oersetting fan de Bibel nei it Frysk.

Mar dat in dûmny dy frijsinnich wie foarstelle soe om mienskiplike in tsjinst te hâlden, gie te fier foar him.

Prinsipes binne no ien kear prinsipes.


Ferskate kranteknipsels