Frysk en de Friezen. |
---|
Oan de Frije Unifersiteit, dêr’t ús Pake teology studearre
by Abraham
Kuyper, learde hy dat elts folk it evangeelje yn syn eigen taal hearre
mocht
(Hannelings 2:11). Sa soe dat foar de Friezen ek jilde. En sa waard
pake in
fûle strider foar it brûken fan it Frysk yn
it ûnderwiis en de tsjerke. Tegearre mei dr G A Wumkes
hat er wurke oan de oersetting fan de bibel yn it Frysk. Fierder wie er
de oprjochter fan it “Kristlik Frysk
Selskip”, dat yn 2008 syn 100-jierrig bestean fierde. Hy wie
foarstander fan it
frouljuskiesrjocht en foar de fakbeweging. Allegearre saken dêr't de
hearskjende
elite net bliid mei wie. En doe’t Pake ek noch yn it Frysk preekje soe,
hie de
tsjerkeried fan Eanjum har nocht. Doe’t er him beropber stelde wie der
gjin
Fryske gemeente dy’t him beroppe woe. |
Ferbanne út Fryslân. |
---|
De tsjerkeried fan Eanjum fûn dat Frysk de taal fan de arbeiders wie. En dat koe nea de taal fan God wêze. Pake hie doe gjin oare kar as in beropping bûten Fryslân oan te nimmen. Sa waard er dominy yn Zevenhoven en letter yn Doetinchem. Wat Pake syn libbenswurk wêze soe, waard úteinlik syn libbenstragyk. |
Ferbanne ?? |
---|
No ja, se
hawwe Pake net by Wolvegea oer de grins set. Mar as ik lês hoe Wumkes
yn 1927 beskriuwt
wat er bart is, dan tink ik "ferbanne". Wumkes hat it yn it foarwurd
fan "Ta in tinkstien" oer "De man, dy't him balling fielde". Lês hjir wat Pake sels oan
syn freun G.Kamerling skriuwt. Ferbanne klinkt ferwitend,
mar ik ferwyt de Fryske tsjerken neat. Jo moatte it yn de kontekst fan
dy tiid
sjen. Pake wie mei syn tinken syn tiid fier foarút. Koen Zondag beskriuwt dat yn in pear krantestikken tige moai. Sjoch nei de links fierderop. |
Zevenhoven. |
---|
Pake wie fan 1916 oant 1918 dûmny yn Zevenhoven. Wolst meer witte, klik dan hjirre. |
Doetinchem. |
---|
Pake wie fan 1918 oant 1924 dûmny yn Doetinchem. Wolst meer witte, klik dan hjirre. |
Heech. |
---|
Wumkes beskriuwt yn it foarwurd
fan “Ta in tinkstien” in anekdoate oer in âld wyfke yn
Heech dat
op snein in Frysk stik lies. Doe’t buorfrou der yn kaam sei dy:
“O Jantsje,
lêze jo Frysk op snein, komt dat wol
goed?”. Dit om te yllustrearjen dat godstsjinst en Fryske taal
himelsbreed
út
elkoar leinen. Minsken dy't by dei en by nacht Frysk tochten en
praten,
seinen harren gebed yn it Hollânsk. Wumkes hellet Heech noch in kear oan. Nammentlik as er in rychje minsken neamt dat Pake stipe. En dan neamt er D J de Witte, húsdokter yn Heech. En dat kom ik no krekt te witten; hast fjirtich jier nei dat wy de praktyk fan Doede Ferwerda oernamen, dy't sels de praktyk 25 jier earder oernaam fan de Witte. |
Loaijingea. |
---|
|
Pake leit njonken Beppe
begroeven op it tsjerkhôf fan Loaijingea, Pake syn berteplak. It is bysûnder dat ús oare Pake en Beppe noch gjin twa kilometer fan Loaijingea yn Snits begroeven lizze. Opa Hessel Dethmers en Pake Sipke hienen mear mei inoar te meitsjen as ik ea wist. Opa Hessel Dethmers, ek grifformeard dûmny, hat Pake Sipke yn 1901 te Eanjum yn it amt befêstige. Sjoch by de kranteknipsels op, side 52 links ûnder. Bij de begraffenis fan Pake Sipke hat Opa Hessel de lieding hân. Sjoch nei de kranteknipsels op side 13, en op side 19. Frjemd dat ik dit yn 2012 pas te witten kom. Ik ha ús heit en mem der nea wat oer sizzen heard. |
Yn 2021 ûntdekte ik pas dat de nammen
op ien stien op Loaijingea oerienkamen mei nammen út Pake's stambeam. De stien wie hast net te lêzen. Dêrom hawwe broer Sipke en ik de stien opkreaze. Wijtse Gabes Kooistra en Sijtsche Hanzes Postma binne de pake en beppe fan ús Pake Sipke. In grêf fan de oare pake en beppe ha wy noch net fûn. De âlden fan Pake en in protte famyje lizze wol op Loaijingea. Sjoch hjir de stambeam fan Pake. |
|
Publikaasjes. |
---|
“Ta in tinkstien”
is in tinkboek dat it “Kristlik Frysk Selskip” yn 1927 útjûn hat, nei’t
Pake
ferstoarn wie. It is in gearfetting fan Pake syn geskriften, gearstald
troch G
A Wumkes, dy’t ek it foarwurd skreaun hat. Bij it 100-jierrich bestean fan it “Kristlik Frysk Selskip” ferskynde der in artikel yn it ”Nederlands Dagblad” dat jo hjir lêze kinne. Op Nijjiersdei 2012 publisearre Christaan Hoogendoorn, oerpakesizzer fan Pake Sipke, in Youtube filmke, mei dêrop in op muzyk sette Nederlânske oersetting fan in fers dat Pake presys 100 jier dêrfoar publisearre. Nei Youtube Nei de tekst De orizjinele teksten fan alle nijjiersgedichten fan 1910 oant en mei 1913 binne hjir te fienen. In foarbyld fan de fûlens wêrmei Pake foar de Fryske saak stride fine jo yn syn skriuwen "Lytse Imperialisten" Yn 2019 fûn Peter Dillingh (fierderop faker neamd) in aardige advertinsje yn it Grifformearde Tsjerkeblêd fan Amsterdam (maart 1919). Ik krige him fia myn nicht Dieuwke de Vries-Huismans. Prof. J.Waterink, by ús yn de famylje wurde hy Jan Wat neamd, hat in nekrology oer Pake in it Tsjerkelik Jierboek skreauwen. Fernimstich: Jan Wat wurde nei Pake syn ferstjerren as foogd foar de bern beneamd. Sa moast it wol goed komme ûnder de lieding fan disse Kristen Pedagooch. Noch in fernimstichheid: Jan Waterink en Pake Sipke wienen troud mei froulju dy't nichten fan mekoar wienen. Sjoch hjir hoe dat sit. By de ferhúsing fan ús lêtste doe noch libjende muoike, Lena Huismans-Hiemstra, kaam in skriftsje mei knipsels boppe wetter, mei der yn adfertinsjes en artikels dy in de kranten verschiend wiene nei oanlieding fan it ferstjerren en de begraffenis fan Pake Sipke. nei de knipsels, In goede aksje fan ús broer Sipke op Krúspunt. Krúspunt is de digitale fuortsetting fan it wurk fan it Kristlik Frysk Selskip. Boppe it oarspronklike boerd en de buorden mei tydlike plakstikkers fan Sipke. Uteinlik hat ús Sipke de gemeente Súdwest-Fryslân sa fier krige dat se de offisjele strjitnamme feroare ha yn "Ds. S. Huismans-leane" en se in nei boerd pleatst hawwe. Mei in puntsje op'e i. Ús broer Wim die yn 2013 ûndersyk yn Dokkum, Eanjum, Peassens en Moddergat. Syn ferslach stiet hjirre. It Dethmers part fine jo by "Opa Hessel". By it ôfskie fan it Kristlik Frysk Selskip en de oergong nei Krúspunt hat ús neef Sipke (fan Willem) sprutsen. De humor en it sarkasme dat dêr yn sit hat er fan syn Pake. Syn suster Dieuwke Rosalina hat in neijiersgedicht fan Pake foardroegen. Hjir fine jo it ôfskie fan it KFS op Krúspunt. Hjir binne alle sykresultaten mei it wurd "huismans" op Krúspunt. Op 5 jannewaris 2013 stie dit stik fan Koen Zondag yn it Friesch Dagblad. (Koen Zondag is op 12-10-2019 ferstoarn) En op 1 maart 2014 al wer in stikje fan Koen Zondag oer Pake syn grêf. De selde tekst út de krante, mar dan better lêsber. Yn it "Historisch tijdschrift GKN" nr 28 fan 2013 hat Koen Zondag in fernimstich en wiidweidich stik skreaun oer Pake, it frysk en de tsjerke. Noch in artikel fan Koen Zondag oer Pake en de skoalle in Eajum fine jo hjirre Yn "De Sneuper", it tiidskrift fan de "Historische Vereniging Noordoost-Friesland" is ein 2014 in fantastisk artikel útkommen fan de hand fan Kees Bangma. It giet oer Pake, die tydens de mobilisaasje fan 1914, de fryske soldaten yn Brabant besyket. Lês it hjirre. |
In artikel oer Tilburg yn'e
Earste Wrâldoarloch in "Brabant Cultureel", wêr Pake ek yn foarkomt. De paragraaf oer Pake stiet krekt boppe dit plaatsje: Nei it artikel.. |
Alwer een stik oer Pake yn de tiid fan de mobilisaasje fan 1914. Dizze kear yn "Geandewei", it tsjerkeblêd fan de PKN yn Fryslân. It is fan de hân fan de histoarikus Drs. Peter Dillingh, einredakteur fan it "Historisch tijdschrift GKN" en beliedsmeiwurker fan de CDA-Twadde Keamerfraksje. Lês it hjirre De maaie-juni 2020 útjefte fan it histoarisk tiidskrift Fryslân befettet in artikel oer Pake en Beppe Huismans. Skreaun troch Doeke Sijens, bibliotekaris yn Grins. NB oeral wêr't Banga stiet moatte jo Banda lêze. Lês it hjirre In foto út Eanjum yn it Friesch Dagblad wêr't Pake tafallich op stiet. Sjoch hjirre Op 14 des 2022 stie der yn it Friesch Dagblad in petear mei neef Sipke Huismans oer it gebrûk fan de fryske taal yn de tsjerke. Lês it hjirre |
Eanjum. |
---|
Lofts op'e râne fan ûdersteande foto in
stikje fan de Grifformearde
pastorije
fan Eanjum. Ús heit syn bertehûs. (?) Rjochts de tsjerketoer. |
Letter is op it selde plak in nije pastorije del set. Pheiferbuorren 4. Bliuwt de fraach: "Wêr yn wennen Pake en Beppe?" Neffens de deistige bewenners is de neie pastorije yn 1905 boud. Ûnderoan twa foto's fan de nije pastorije: ien fan bûten en ien fan binnen. |
De troufoto fan Dieuwke Rosalina Banda en Sipke Huismans |
Pake Sipke yn it Eudokia sikehûs yn Rotterdam |
---|
Yn syn lêste libbensier hat Pake Sipke in skoft opnaam west
yn it
Eudokia sikehûs yn Rotterdam. Hy hat der ferskate brieven en
brievekaarten skreaun oan syn famylje. Yn die brieven skriuwt er dat de röntgenfoto's fan de rêchwervels ferbettering toane, mar dat er noch bloedearmoed hie en dat it aaiwyt yn de urine mar net sakje woe. By de medici ûnder ús gong in ljochtsje brânen. Dat koe wol ris it Bence Jones aaiwyt wêze. It aaiwyt dat jo fine by de sykte fan Kahler (Multipel Myeloom). Binne jo ynteressearre yn de brieven, lês se hjirre Wolle jo mear witte oer it Eudokia sikehûs, lês it hjir op Wikipedia. |